Draachflak foar in plestikfrije Waadsee is der

De Waadsee tusken Holwert en It Amelân © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der is in soad draachflak, reewilligens en entûsjasme foar in plestikfrije Waadsee. Dochs is it foar belutsenen dreech om it probleem fan it plestik goed oan te pakken. Dat stiet yn it rapport dat krekt skreaun is yn opdracht fan Programma naar een Rijke Waddenzee.
Yn it rapport stean inisjativen, oranisaasjes en ferantwurdlikheden dy't te krijen hawwe mei it realisearjen fan it plestikfrije Waadsee. Ut it rapport docht bliken dat der al in soad bart om in plestikfrije Waadsee mooglik te meitsjen. Der is lykwols romte foar ferbettering.
Der moatte bettere protokollen komme foar it tsjingean fan fersmoarging troch plestik. Ek kinne de ferskate organisaasjes better gearwurkje. Op basis fan it rapport wurdt in aksjeplan makke foar de perioade 2017-2018.