Sportkafee Harmonie Dokkum freed iepen
Fan freed ôf kin der poolbiljert, snookere en dart wurde yn de eardere bioskoop fan Dokkum. Bioskoop De Harmonie wie jierrenlang in begryp yn Dokkum en omkriten. Fan 1953 ôf draaiden dêr de nijste films, mar yn 2006 gong de bioskoop definityf ticht.
Nei tsien jier leechstân komt der no nij libben yn de tinte yn de foarm fan sportkafee Harmonie. "Der wiene in protte freonen dy't sein ha, wêr begjinst oan", fertelt eigener Jacob Visser, "It like op in kraakpân, alles wie fernield. Mar it is toch skânde foar Dokkum dat it net mear brûkt wurdt."
Visser woe eins yn maart de duorren al iepen goaie, mar troch in juridyske striid duorre dat mear as in healjier langer. Der wiene soargen oer lûdsoerlêst. Visser kin de soargen wol begripe mar is der fan oertsjûge dat it tafalle sil. Om 1 oere giet de saak ticht en hy hat in strang alkoholbelied. "It mei hjir hiel noflik en gesellich wêze mar wol oant safier. Ik sil der sels op tasjen dat hjir gjin rare dingen barre."