Ljouwerter huzen bekladde mei reade ferve

© ANP
Twa hûzen oan it Van der Leckplein yn Ljouwert binne moandeitemoarn bekladde. De bewenners binne bot skrokken fan it bekladden mei reade ferve. Op ien hûs wie de tekst ''You're Next'' skreaun, op it twadde hûs wiene mei de reade ferve hântaasten op meardere ruten makke.
De plysje giet út fan in grap troch jongerein en hat de saak yn ûndersyk.