Karavaneigeners spanne rjochtsaak oan tsjin plan Nobel

Achttjin karavaneigeners op karavanpark Ambousen yn Hollum op It Amelân spanne in rjochtsaak oan. Se hoopje dat se it plan fan eigener Theo Nobel fan tafel krije kinne. Nobel wol graach lúkse sjalets bouwe op Ambousen en dêrom moatte alle steankaravans fuort.
As it net slagget om it plan fan tafel te krijen, hoopje de karavaneigeners mear tiid te krijen om in nij plak te finen. Op 31 desimber moatte alle karavans fuort wêze. De rjochtsaak tsjinnet op 7 novimber.
Alternatyf
Ek wolle de karavaneigeners besykje de gemeente sa fier te krijen dat se dochs meihelpe mei it finen fan in alternatyf op it eilân. In soad karavaneigeners wolle perfoarst op It Amelân bliuwe. Yn augustus hat de gemeente sein dat se definityf gjin alternativen sjogge foar de steankaravans. Neffens wethâlder Will Bakema hat de gemeente der alles oan dien om alternative plakken te finen, mar is dat net slagge. De achttjin karavaneigeners binne it dêr net mei iens.
Pine yn it hert
Dizze simmer binne al mear as de helte fan de steankaravans op de campings Boomhiemke en Ambousen op It Amelân fuorthelle. Alle oare karavaneigeners hawwe oant 31 desimber om fuort te gean. Dogge de eigeners dat net, dan krije se in boete fan 500 euro foar elke dei dat se der te lang steane. Guon eigeners steane al tsientallen jierren op de kampings. Se ferlitte it Amelân mei pine yn it hert. Ambousen-eigeners Diana en Theo Nobel presintearje oer in moanne de plannen foar it nije lúkse sjaletpark.