Harnzer bestjoerder fertocht fan deaslach

© ANP
De plysje hat tiisdeitejûn in 54-jierrige Harnzer oanhâlden op fertinking fan deaslach en fernieling. De man ried yn Frjentsjer op de Haulewei tsjin it ferkear yn en ried dêrby in 21-jierrige bestjoerder út Frjentsjer fan de dyk.
De Frjentsjerter sette de achterfolging yn, wêrnei't de Harnzer in planke nei de auto smiet. De planke miste doel, mar efkes letter ried de Harnzer op de man út Frjentsjer yn en sloech hurd mei in oare planke op de auto fan de man. Dy rekke de Harnzer kwyt, mar koe wol syn kenteken trochjaan oan de plysje.
De plysje hat de gefaarlike rider thús oanhâlden. Syn rydbewiis is ynnaam.