Zara yn eardere V&D-gebou earder iepen as tocht

De nije festiging fan moadebedriuw Zara yn Ljouwert giet earder iepen as ferwachte. De winkel set mids novimber mei de ferkeap útein, sa meldt in wurdfierder.
Zara komt yn it eardere gebou fan V&D oan de Nijstêd yn Ljouwert. Sûnt maaie wurdt der wurke oan de ferbouwing. Zara sil mar in diel fan it gebou brûke. Wat der yn it oare diel komt, is noch altyd net dúdlik.