Kollum: "Fryslân net mak"

Eelke Lok fan De Gaastmar hat fjirtich jier foar Omrop Fryslân wurke. Hy waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget er kollums op de radio. Dy kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Ofrûne snein wie Geert Mak yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Je kinne in soad buordsjes oan him ophingje, mar ik neam him altyd mar in yngeand skriuwer oer fan alles en noch wat. Syn nijste boek is Jan Six. Ik sis neat, lês mar. Hy wennet foar de helte yn Fryslân, is hjir ek opgroeid. Dat hat nochal wat by him dien. Tegearre mei Freek de Jonge hâlde er dan ek in praatsje oer nostalgy. Hiel aardich. Mar de o sa aimabele Mak batste der wol ien kear yn. Analysearre flymskerp ús lânskipspine. En joech de provinsjale oerheid in skop ûnder de kont. It hie neffens him nea barre mochten dat lân en lânskip opoffere binne oan produksje. It wie deastil. Der sieten allegearre minsken dy’t ek wol fine dat ús lânskip fernield is, mar we ha se gewurde litten.
Neitinkend kaam ik letter ta de konklúzje dat soks in slûpend, net bewust proses west hat. Allerhande oare saken bepaalden dat. Nim de mislearre weryndieling fan 1984. Allegearre lytse gemeenten bleaunen bestean, hiene in eigen belied. In boer, of oare ûndernimmer dy’t syn gerak net krige by de ien, ferhuze fiif meter fierder en koe dwaan wat er woe. Konkurrinsje wie de gemeenten wichtiger as wat dan ek. Noch is dat sa. We hawwe gewoane minsken yn it wetterskip setten, mar it wetter stiet noch oeral like leech yn de sleatten. Want we hawwe dy lju beneamd, sûnder harren krêft te jaan. Sa is it mei alles. We dogge krekt as feroaret der fan alles, mar der feroaret dus neat.
De aimabele Mak wie dan wol wer optein dat der no wat oan dien wurde sil. Rekkenje dysels, en ús, net ryk, Geert. De gemeente Littenseradiel wol wat dwaan oan it meunsterlike halloween-eftige ferkear op de lytse dykjes. Dat soe ek foar it lânskip wol aardich wêze. Dat is moai. Mar wat kinne se dwaan? Rûnom yn dizze provinsje ride trekkers en frachtweinen dy’t breder binne as de dyk. No, as se net mear yn Littensaderadiel komme meie dan slane se dy boeren gewoan oer, moast sjen hoe gau oft se der wer komme meie.
Yn it gebiet tusken Snits, de Snitser Mar en Jirnsum wolle se it wetter wer wat heger yn de sleatten dwaan. Lytsere ekerkes. Mear blomryk lân. Datsoarte saken. Dat is djoer, dus moat der ek in pear kuierpaden en kroegen by. Dan kin dêr ek moai wat grouwélige bierreklamebuorden stean. Ja, jimme tinke dochs net dat we dêr oars jild foar ha soenen? En dy grûn is dochs net safolle wurdich, dan kinne we earne oars better mear produsearje. Kin dêr it wetter wer leger.
De gemeente Súdwest-Fryslân wol de toeristebelesting ferheegje. Mei 25 persint. Dat heart nei grou jild. Der wie dan ek al in noardlike natuerbeskermer, dy’t hopet dat in soad fan dat jild brûkt wurde sil om de lânskipspine tsjin te gean. Ja. 25 persint. Net in gûne de nacht, mar 1,25. Yn totaal smyt dat sa’n 425.000 euro op. Dêrfoar snút in amtner net iens mear syn noas.
En wiist dan achteleas nei it nijste toeriste-útsicht yn syn gemeente, de wynmûnen yn de Noardeastpolder mei reade knipperljochten en wjukken oant yn de himel. En we krije der noch in kwak mûnen by yn de Iselmar. Dat ha we allegearre net wollen, Mak, mar se komme der dochs. Sterker, de provinsje nimt der no ek noch in grut finansieel oandiel yn, want je kinne oan lânskipspine wol moai fertsjinje. En je krije ek allegearre goedkeape stroom en der kinne je dan wer allehande oare dingen mei dwaan dy’t it lânskip, no sis mar 'feroarje'. Want ík krij al lânskipspine fan in 30 meter heech hynder op de Ofslútdyk, mar dêr tinkt net elk gelyk oer."