Drokte by Alma-Tadema; Fries Museum giet earder iepen

De minsken stean yn de rige foar de kassa's foar Alma-Tadema © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Fries Museum yn Ljouwert giet de kommende dagen in oere earder iepen. Dat hat benammen te krijen mei de grutte belangstelling foar de útstalling oer Alma-Tadema, mar ek de hjerstfakânsje yn it noarden en midden fan it lân spilet in rol. It museum docht oant en mei snein de doar al om 10.00 oere fan it slot, yn stee fan om 11.00 oere.