Bedriuw út Appelskea recyclet brûkte kofjebekers

It bedriuw LIMM Recycling út Appelskea makket fan brûkte plastik bekers plante-tray's en kleanhingers. Se helje mei in buske brûkte kofjebekerkes op by bedriuwen en ynstellingen yn it hiele Noarden. Tagelyk bringe se nije, skjinne bekers. It bedriuw is útnûge foar de nasjonale klimaattop yn Rotterdam nije wike.
By dizze top sille de klimaatdoelen fan Parys omset wurde yn konkrete aksjes yn ús eigen lân. Dêr past LIMM Recycling ek yn. Se binne al útroppen ta duorsume ûndernimmer fan Drinte. It bedriuw bestiet sân jier en groeit hurd.
Rioelslib
De klanten komme oeral wei, bygelyks wensoarchsintrum Nij Dekama yn Weidum, mar ek provinsje Fryslân, gemeenten, skoallen, kantoaren en sels in tsjerke.
Mei Wetterskip Fryslân, de provinsje en de universiteit yn Grins is it bedriuw dwaande mei de ûntwikkeling fan in plastik beker makke fan rioelslib. It is de bedoeling dat dy yn 2018 op de merk komt.