Koade giel: KNMI warskôget foar tongerbuien

Tonger © ANP
It KNMI hat foar tiisdeitemiddei koade giel ôfjûn yn ferbân mei tongerbuien dy't dan oer Fryslân komme. By de buien kin it lokaal hurd waaie, it waarynstitút warskôget foar swiere wynstjitten oant 60 kilometer yn it oere. Dêrnjonken moatte minsken ek alert wêze op bliksemynslach en hagel.
De warskôging fan it KNMI is fan trije oere oant fiif oere tiisdeitemiddei fan krêft.