'Vijf voor rood' is it net oer alle boegen iens mei Monasch

De kandidatuer fan it Snitser keamerlid Jacques Monasch as listlûker fan de PvdA stiet los fan de Fryske aksjegroep 'Vijf voor rood' fan 40 krityske PvdA-leden út Fryslân. Monasch pleitet foar in 'linksere PvdA'.
'Vijf voor rood' docht dat ek, mar dat wol noch net sizze dat Monasch harren kandidaat is, seit wurdfierder Hetty Janssen. Benammen it stânpunt fan de Snitser oer mear referinda stiet net yn it pamflet fan de aksjegroep. De groep hat noch gjin kontakt hân mei Monasch.
"Hij gaat voor de populistische variant, maar echt inhoudelijke programmapunten heb ik nog niet gezien. Het is wel goed dat hij de verkiezing voor lijsttrekkers openbreekt. Dat is wel een signaal naar Diederik Samsom." Janssen hopet dat in frou har noch meldt foar de ferkiezing as listlûker fan de PvdA.