FOTO: Woudagemaal ûnder stoom brocht

It Woudagemaal op De Lemmer wurdt yn de hjerstfakânsje trije dagen ûnder stoom brocht. De earste dei is tiisdei. Wetterskip Fryslân bringt it grutste noch wurkjende stoomgemaal op de wrâld ûnder stoom om it personiel yn de praktyk op te lieden.
Ek op woansdei en tongersdei kinne besikers sjen hoe't it gemaal ûnder stoom brocht wurdt. Foar bern tusken de 5 en de 12 jier binne woansdei spesjale rûnliedingen. Publyk is tusken 10.00 en 17.00 oere wolkom by it UNESCO wrâlderfguod.