Kollum: ''In drol yn in pûdsje''

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
''Wat sizze jim fan goed nijs? Mei alle ellinde dy’t deistich oer ús útstoart wurdt, soe men soks hast út it each ferlieze. Mar it is der, as men it mar sjen, hearre en lêze wol.
Myn eigen goednijs-rite begûn mei in drol yn in pûdsje. In man dy’t geduldich neist syn hûn stie te wachtsjen oant dy skiten hie, krige dêrnei de walmjende knakwoarst fan it gers en troppe dy yn in plestik pûdsje. Nei’t de hûn noch wat kluten ta de loft ynjage hie, stuts er ôf mei it bist. It like as rûn er krûmer ûnder it gewicht fan de drol yn it pûdsje, mar dat sil in mentale kwestje west ha. Yn alle gefallen fûn ik it in moai byld en in yllustraasje fan goed nijs.
Dat sette troch mei it berjocht dat de trije noardlike provinsjes gearwurkje sille op it mêd fan sirkulêre ekonomy. De needsaak fan feroaring is grut, en it hat derfan dat Fryslân, en no ek Grinslân en Drinte, harren dêr it skerpst fan bewust binne. En oer Fryslân sprutsen: de Kristen Uny wol it Frysk yn de grûnwet ferankerje. Dat spile seis jier lyn ek al, en de Kristen Uny wol dat no dien wurk makke wurdt. Ik moat derby sizze dat se dat ek mei it Hollânsk en gebaretaal wolle, dat hielendal eksklusyf foar it Frysk binne se net –en de ferkiezings komme deroan, o steltsje opportunisten!- mar doch besjoch ik it as goed nijs. Dat jildt ek foar de plannen fan Dijkstra-Draisma. Dy wolle yn 2018 yn Fryslân mei it winnen fan ierdwaarmte begjinne. Skjinne, geotermyske enerzjy, dy’t ek yn elektrisiteit omset wurde kin. Se tinke oan in miks fan duorsume boarnen om fossile boarnen lykas oalje en ierdgas te ferfangen. Dat is foarút tinken.
Krekt sa’t in wurkgroep út Jirnsum en de Legeaën docht. It Nije Fryslân ha dy it oer. In plan foar polders en doarpen yn it gebiet tusken de Snitsermar, de Swette, Jirnsum en Snits. In breed kuierpadenetwurk mei hoarekafoarsjennings yn in oantreklik lânskip mei lytsskalige lânbou. Rûtes lâns it wetter. It peil yn tochtsleatten ferheegje om wer mear fariaasje yn floara en fauna te krijen. In ferhaal oer balâns, duorsumens en sirkulêre ekonomy. Foarút tinke en inisjatyf nimme. Dat is nijs dêr’t ik fleurich fan wurd. En dan ha ik it noch net iens oer de otters dêr’t it goed mei giet, it EK reedriden dat yn 2017 yn stee fan yn Warschau yn it Hearrefean hâlden wurdt, oer dat Jan Smit ophâldt mei sjongen –ek al duorret it noch tsien jier- en dat Peter R. de Vries syn harsens stompt tsjin in fleantúch. O nee, dat is gjin moai nijs, fansels.
Hawar, myn boadskip foar hjoed is dit: as jim lije ûnder min nijs, realisearje jim dan it belang fan in drol yn in pûdsje. Der is ek goed nijs.''