Himpkwekerij mei 500 planten oprôle yn Nes (Dongeradiel)
De plysje hat oan de Nijewei yn Nes (Dongeradiel) in himpplantaazje ûndutsen. Yn in skuorre stiene fiifhûndert planten. De eigener fan de skuorre hat in proses-ferbaal krige. De plysje hat de planten fuorthelle en ferneatigje litten.