Ekstra service moat bemanne tankstasjons rêde

Bemanne tankstasjons yn Fryslân hawwe it hieltyd dreger troch de opkomst fan tankstasjons sûnder personiel. De brânstof by benzinepompen mei personiel wurdt hieltyd djoerder yn fergelyk mei dy by fan sûnder personiel, en dus tanke hieltyd minder minsken by pompen mei personiel achter de kassa.
Dêrom moatte bemanne tankstasjons hieltyd mear oan harren klanten biede. Dat binne ekstra's lykas in autowaskstrjitte, ferhier fan oanhingweinen en in grut assortimint yn de tankshop.
Siemen Veenstra hat in bemanne benzinestasjon yn Bûtenpost. Neist syn tankstasjon runt er in winkel dêr't folle mear produkten te keap binne lykas snobbersguod en kofje. Hy docht der ek noch in waskstrjitte by en hy ferhiert karren. "Ynkoarten komme wy ek noch mei in puntesysteem. Klanten kinne sparje foar produkten út de shop of miskien in waskbeurt fergees." It moat wol, oars kin Veenstra de holle net mear boppe wetter hâlde. "Ik sis net dat it my net oerkomme sil, mar ik sil der alles oan dwaan om myn tankstasjon bemanne te hâlde."
Yn Nederlân binne 4198 tankstasjons. Dêrfan binne 1400 ûnbemanne.