Tankpaskes stellen út frachtweinen yn Surhústerfean
De plysje hat sneintejûn in 57-jierrige man oanhâlden as fertochte fan ynbraken yn meardere frachtweinen op in bedriuweterrein yn Surhústerfean. De man hie tankpassen út de trucks stellen en besocht dêrmei te tanken. In tsjûge warskôge de plysje en dy koe de man by De Rottefalle oanhâlde.