Fryslân Hartveilig: "20 prosint oerlibbet hertstilstân"

Hieltyd mear minsken oerlibje in hertstilstân. Dat komt troch de ynset fan boargerfrijwilligers en it netwurk fan AED's (mobile defibrilatoaren). De kâns op oerlibjen wie tweintich jier lyn noch gjin 10 prosint, no is dat lanlik hast 25 prosint, sa blykt út sifers fan de Hartstichting dy't moandei bekend makke binne.
Neffens Erwin Duursma fan Stichting Fryslân Hartveilig leit dat persintaazje yn Fryslân krekt wat leger, op 20 prosint. "We hebben de afgelopen 2,5 jaar hard gewerkt om meer burgerhulpverleners te werven, 6000 zijn dat nu."
Boargerhelpferllieners
Foar dy tiid wienen dat sa'n 3000 minsken, dat it oantal is ferdûbele, mar it soenen der eins 11.000 wêze moatte. "Het aantal burgerhulpverleners zit inderdaad in de lift en we hopen dat er ook nog steeds meer vrijwilligers bijkomen. Het percentage dat een hartstilstand overleeft, ligt in Fryslân iets lager dan landelijk omdat er enerzijds minder vrijwilligers zijn en anderzijds er minder AED's op openbare locaties beschikbaar zijn. Vaak zijn er wel AED's in winkels of gebouwen, maar die zijn dan na kantoortijden niet beschikbaar bij noodsituaties. Ons streven is om van de ongeveer 2500 AED's die er in Fryslân zijn, er steeds meer toegankelijk te maken."