Rob Maas oer ûntslach: "Ontslag komt te snel"

It ûntslach as trainer by SC Cambuur kaam foar Rob Maas reedlik ûnferwachte. Dat seit Maas moandei yn reaksje op syn ûntslach. De trainer krige sneontemoarn nei fjouwer moannen dien as haadcoach by Cambuur. Dochs wit ek Maas dat as in team net goed prestearret, de trainersposysje faai stiet. "Ik zit al wat langer in de voetballerij. Dan weet je dat als de resultaten uitblijven, er iets zou kunnen gaan gebeuren", seit Maas.
Te gau
De teloarstellende resultaten binne yndie de reden foar it ûntslach fan de Brabanner, sa joech it Cambuurbestjoer sneon oan. Maas is it der mei iens dat it plak op de ranglist ûnder de maat is. De Ljouwerters stean 14e yn de Jupiler League mei 11 punten út tsien wedstriden.
Oan de oare kant komt it ûntslach nei syn miening te gau. De doelstelling dy't oan it begjin fan it seizoen útsprutsen is, in plak by de earste trije ploegen yn de Jupiler League, kin nammentlik noch helle wurde. Ek fynt Maas it oanfallende spul fan syn spilers goed. Wat dat oanbelanget fynt er dat er te gau ûntslein is. "Het is erg zuur dat men na tien wedstrijden al afscheid van je neemt. Dat is meer op basis van emotie dan op basis van analyse."
It Cambuurbestjoer seach op termyn yn Maas net de goeie trainer om ferbettering te krijen yn de resultaten. Maas is it dêr net mei iens. Hy sels seach wol romte foar ferbettering. "Absoluut. De enige verbetering die wij nog toe moesten passen is het benutten van kansen. Dat is denk ik het enige medicijn", seit in teloarstelde Maas.
Pijn
De trainer kin noch net goed leauwe wat der allegear bard is de ôfrûne dagen. "Het is allemaal nog onwerkelijk. Vandaag staan de jongens op het veld en nu begint het langzaam te bezinken. Je wilt als trainer heel graag werken met die jongens en de groep en dat is nu niet meer. Dit doet pijn en dat gaat nog erger worden", beslút Maas.