Nije advysried fan Rabobank moat boerebedriuwen stypje

Rabobank © ANP XTRA
De Rabobank Hearrenfean Súdeast-Fryslân hat in advysried ynsteld dy't boeren stypje sil. Neffens de bank hat de sektor it mominteel dreech en stean boeren foar grutte útdagings. De bank sil de kommende tiid geregeld mei boeren om tafel. It giet dan ûnder oare om finansiering en it belied fan de bank yn antwurd op nije regeljouwing. Dêrneist wurdt stilstien by de easken oan it ûndernimmerskip fan de hjoeddeistige boeren.