Ljouwerter plysje hat it drok mei ynbraken

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert en Jirnsum is it ôfrûne wykein op ferskate plakken ynbrutsen. By in ynbraak yn in wenning oan de Kinkhoornstrjitte gie it alarm ôf, wêrnei't trije manlju mei in grutte giele tas útnaaiden. Ek by in wenning oan it Molenpaad waard besocht yn te brekken. Dêrby waard in rút yn de foardoar fernield.
Yn de Buygerstrjitte binne by in ynbraak in creditcard en in kamera bút makke en yn de Speelmanstrjitte yn Ljouwert waard by in ynbraak in paspoart stellen.
Ek yn Jirnsum wiene dieven op 'en paad. By in ynbraak yn in hûs oan de Rykswei is in telefyzje stellen. Ek op de Grousterdyk is yn in hûs ynbrutsen. Dêr waard in rút ynslein om binnen te kommen.
De Ljouwerter plysje ropt tsjûgen op har te melden.