Pontsjerûte De 8 van Grou yn de Washington Post

Grou en omkriten kin folgjend jier in soad nije toeristen út Amearika ferwachtsje. De pontsjerûte De 8 van Grou stie nammentlik snein yn de reisbylage fan de Washington Post. De Amerikaanske sjoernaliste Diane Daniel fytste ôfrûne simmer de pontsjerûte en skreau foar de Washington Post in wiidweidich artikel oer de pontsjes en oare nijsgjirrichheden op de rûte.
Anke Zijlstra fan Stichting Grou Actief is entûsjast oer it artikel yn de Washington Post. "Prachtich moai, wat wolle je noch mear? Hartstikke leuk!"
Mear besikers
Se ferwachtet dat troch it omtinken yn de Washington Post takom jier mear Amerikanen nei Fryslân komme sille. Nei alle gedachten sille oare kranten yn Amearika it artikel fan sjoernaliste Daniel oernimme, en dat betsjut noch mear publisiteit foar pontsjerûte De 8 van Grou.
Ingelske reisynformaasje
De Stichting Grou Actief is foarnimmens om ynkoarten de reisgids oer De 8 van Grou oer te setten nei oare talen. No is der allinnich ynformaasje oer de pontsjes en nijsgjirrichheden yn it gebiet yn it Nederlânsk beskikber. Dat moat feroarje, fynt Zijlstra: "Wy wolle de ynformaasje graach yn it Ingelsk oanbiede, en miskien noch yn oare talen. Ek mei it each op Ljouwert Kulturele Haadstêd, as der noch mear toeristen nei Fryslân komme."