Kollum: "Wat in steltsje clowns"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Wêr't fastfoodketen McDonald's syn maskotte ôfrûne wike mar efkes yn 'e iiskast sette fanwegen alle gedoch rûnom de horrorclowns, tochten se dêr by de Jumbo yn Drachten krekt wat oars oer. Doe't ik freedtemiddei de winkel ynstapte, stie der samar ynienen in clown foar myn noas. Hy traktearre alle bern op sa’n fleurich ballonhûntsje. It bewiis dat net elke clown fuortendaliks horror hoecht te wêzen.
Want it fenomeen horrorclown hâldt elkenien de ôfrûne wiken yn 'e macht. Dy sike geasten dy’t mei in pak oan, in masker op en in bebloede knyft yn ‘e hân ûnskuldige slachtoffers de stuipen op it liif jeie. De trend is - hoe soe it ek oars - oerwaaid út Amearika. Mar godzijdank ha se harren beide grutste horrorclowns dêr yn Washington DC holden. Dy twa mei dat ivich laitsjende masker op, dy’t ûndertusken it bloed fan de oar wol drinke kinne.
Ik ha it oer Donald Trump en Hillary Clinton, de horrorclowns fan Amearika. Wat ik wier net begripe kin, is dat yn sa’n aldermachtich grut lân as de VS, mei goed 318 miljoenen ynwenners, dízze beide piassen út de bus kaam binne as de meast geskikte kandidaten foar de alderbelangrykste baan fan it lân. Hoe bestiet soks, freegje ik my dan ôf?
Mar sa as altyd by dit soart ûnbegryplike fragen is it antwurd hiel ienfâldich: it giet allegearre om jild. Kollega Ferdinand de Jong neamde ôfrûne tongersdei al bedragen fan de kampanjebudzjetten, dêr’t my de earen fan sûzjen gongen. Miljarden dy’t yn beide kampen útjûn wurde oan promoasjemateriaal, eksorbitant djoere flechten mei de privee jets en spindoctors dy’t grof jild fertsjinje oan geniale kampanjestrategyen.
Mar ferjit foaral de spionaazjeteams net, dy’t dei en nacht sykje nei belêstend materiaal oer de tsjinstanner. Miljoenen en miljoenen geane der nei dizze spionnen, dy’t oars net dogge as yn it libben fan in oar omwrotte op syk nei smoarge skandalen, kwytrekke e-mailtsjes, lilke eksen en stikeme bastertbern. “It draait úteinlik allegearre mar op ien ding út: stront”, sei de buorman altyd. En sa is it. By de kampanje om it presidintskip fan Amearika giet it dit kear allinnich mar om sa folle mooglik shit oer de oar te finen.
Myn suske liet my dit wykein in filmke sjen oer John McCain, dy’t yn 2008 tegearre mei Barack Obama yn de striid wie om it presidintskip. By in ferkiezingsbyienkomst fan McCain syn eigen partij wiene der minsken yn de seal dy’t Obama beskuldigen fan alderhande saken, dy’t kant noch wâl rekken. Yn stee fan ja te knikken, pakte McCain de mikrofoan ôf en ferdigene Obama te midden fan al dy Republikeinen. Obama wie in yntegere man, sei er. In goede echtgenoat en in prima heit. En gjinien hoegde bang foar dizze man te wêzen mocht er er presidint wurde.
It smiet McCain fansels in soad boe-gerop op fan syn eigen oanhang. Mar it lit wol sjen hoe grut it ferskil yn nivo is fan de kandidaten fan doe en no. Wêr’t Obama en McCain ûnderling respekt foar inoar hiene en de striid hurd om hurd gong op basis fan ynhâld, is it no krekt oarsom. Ynhâld docht er net ta, Clinton en Trump skoare punten troch mei modder te smiten.
Silst mar Amearikaan wêze, dyn folle ferstân ha en aanst in kar meitsje moatte út dizze beide clowns. Dat is geastlik net te dwaan, of wol dan? Ik kin my best foarstelle datst sa no en dan in masker út de kast skuorst, in bebloede knyft opsikest en hearlik al dyn frustraasje fan dy ôf reagearrest troch in ûnskuldich slachtoffer de stuipen op it liif te jeien. Mei sa’n steltsje horrorclowns oan it roer wurdt in lân gillend gek, dat blykt mar wer."