Motor en auto botse op Krompad by Langelille

Op it Krompad by Langelille binne sneintemiddei flakby restaurant De Driesprong in auto en in motor opelkoar botst. Der ûnstie flinke skea oan sawol auto as motor, mar der rekke nimmen bot ferwûne.
De motorrider is wol even neisjoen troch in ambulânsepersoniel. In bergingsbedriuw hat de auto en de motor fuortsleept.