Sven Kramer en Ireen Wüst winne 1500 meter yn Inzell
Sven Kramer hat snein by trainingswedstriden yn Inzell ek de 1500 meter wûn, hy die dat yn in tiid fan 1.47.26. Sneon wûn hy ek al de fiif kilometer.
By de froulju waard de 1500 meter wûn troch Ireen Wüst yn 1.56.21, Marrit Leenstra waard tredde yn 1.59.12.