Froulju VC Snits mei 3-0 ûnderút tsjin Flynth Flamingo's

VC Snits (argyffoto) © Dijks Fotografie
De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn de útwedstriid tsjin Flynth Flamingo's út Gennep mei 3-0 ferlern. Yn de earste set hiene de froulju grutte problemen mei de service fan de Flamingo's en ferlearen se mei 25-11.
Yn de twadde set giene se lang goed mei en stiene sels mei 22-23 foar, mar ferlearen de set toch mei 25-23. En ek de lêste set gie frij maklik nei de thúsploech mei 25-18.