KPN-maraton tawiisd oan Elfstedenhal Ljouwert

Op 29 oktober is de KPN Maraton Cup yn Ljouwert © ANP
De twadde wedstriid yn de KPN Maraton Cup is op 29 oktober op de Atje Keulen Deelstrabaan yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Dizze wedstriid soe eins yn Grins ferriden wurde, mar de KNSB hat der foar keazen om dizze wedstriid dochs oan Ljouwert ta te wizen.
De KPN Maraton Cup begjint 22 oktober yn Amsterdam mei de 45e Jaap Eden Trofee. It giet by de Maraton Cup úteinlik om 14 wedstriden. Dizze winter wurdt de maraton fjouwer dagen ek wer ferriden. Dy is op 15 oant en mei 18 maart, ien fan dy wedstriden is ek yn Ljouwert.
De folsleine maratonkalinder is te finen op de webside fan de KNSB.