Hearrenfeansupporters mei de boat nei de derby yn Grins

Nieuwnoord gie mei de boat nei Grins foar de derby © twitter SC Heerenveen
Spilers en supporters meitsje harren klear foar de noardlike derby tusken FC Grins en SC Hearrenfean yn de Euroborg yn Grins. Der binne 1051 Hearrenfean-supporters mei bussen rjochting Grins reizge om harren klup oan te moedigjen. De wedstriid begjint sneontejûn om 20.45 oere, Omrop Fryslân docht op de radio ferslach fan de derby.
Nieuwnoord, de hurde kearn fan de Hearrenfeansupporters binne mei de boat rjochting Grins gien.