Kop-sturt-botsing by Sonnegea: allinnich blikskea

Der wie flinke blikskea by de kop-sturt-botsing © De Vries Media
Op de Pieter Stuyvesantweg by Sonnegea binne sneontemiddei trije auto's opelkoar botst. It ûngelok ûntstie doe't in auto ôfslaan woe yn de rjochting fan Sonnegea. De auto dy't der achter ried seach dat op tiid en remme, mar de twadde auto seach it te let en sa ûntstie in kop-sturt-botsing.
Der ûntstie allinnich skea oan de auto's. It ferkear moast tydlik oer de paralleldyk.