Gert Kruys hat gjin sin oan Cambuur

It stadion fan SC Cambuur © Omrop Fryslân
Gert Kruys wol gjin trainer fan SC Cambuur wurde. Dat meldt it Algemeen Dagblad. De Ljouwerter fuotbalklup soe Kruys benadere hawwe om it plakje fan de sneon ûntsleine Rob Maas oer te nimmen. Dat hat er nei eigen sizzen wegere.
Kruys wie tusken 1998 en 2002 haadtrainer fan Cambuur. Op dit stuit is Kruys coach fan DOVO yn Veenendaal.