Motorplysje ûnderút yn Ljouwert

De motorplysje gie ûnderút en rekke ferwûne © De Vries Media
In motorplysje is sneontemiddei ferwûne rekke doe't hy ûnderút gie op de krusing fan de Aldlânsdyk en de Anne Vondelingwei yn Ljouwert. De plysjeman wie ûnderweis nei in melding. Omstanners hawwe de man earste help ferliend oant de ambulânse der wie.
De oarsaak fan it ûngelok is net bekend, mooglik seach in automobilist de motor oer de holle en moast de motorplysje in needstop meitsje.