Sven Kramer toant foarm by trainingswedstriden yn Inzell

Sven Kramer © AWfoto.nl
Sven Kramer hat sneon yn Inzell by trainingswedstriden op oertsjûgjende wize de 5 kilometer wûn. Hy finishte yn in tiid fan 6.13.10 en liet dêrmei sjen yn foarm te wêzen. Nije wike is de KNSB-cup, dêr moatte de startbewizen foar de earste searje fan de wrâldbekerwedstriden fertsjinne wurde.
Douwe de Vries einige op de 5 kilometer as twadde mei in tiid fan 6.18.24, goed fiif sekonden achter Sven.