Trainer Harkemase Boys nei ferlies: "fertrouwen hâlde"

Harkemase Boys is der wer net yn slagge om punten te pakken. Se ferlearen thús fan ASWH en dat wie it achtste ferlies op rige. De Boys spilen in goede earste helte, mar de earste goal foel yn de 40e minút foar ASWH út in kopbal fan De Lange.
Nei rêst skoarde De Lange yn de 51e minút ek de 0-2. In pear minuten letter makke Schrijver de oanslúttreffer 1-2. It waard 2-2 doe't Bouius de foarset fan Schrijver geweldich ynkopte. De wille wie lykwols fan koarte duer, want fuortendaliks sette De Lange de einstân fan 2-3 foar ASWH op it boerd.
"Fertrouwen hâlde"
Neffens trainer Henk Herder is der noch gjin reden foar panyk: "We moatte fertrouwen hâlde. Wat it fuotbaljen oanbelanget gean we de goede kant út, mar we meitsje noch wat te faak flaters acheryn. Dêr kinst net op traine, mar dy moatte der wol út".
Applaus
De spilers fan Harkemase Boys giene ûnder applaus fan it fjild ôf. Herder: "We moatte net allinnich nei winne en ferlieze sjen, mar ek nei it spul. We hawwe yndied acht kear achterelkoar ferlern, mar ik tink net oan fuortgean, mar allinnich mar oan fuotbal. Oer twa wike geane we der wer foar".
"Drie tegen, maar ook twee keer gescoord"
Jesse Renken baalt fansels fan wer in ferliespartij, mar sjocht ek de stiigjende line: "We hebben een stuk beter gespeeld dan de vorige twee wedstrijden. Je krijgt drie tegen, maar je scoort ook twee keer. De gelijkmaker was een bekroning voor onze inzet, dan is het extra balen dat we dan toch verliezen met 2-3. We maken achterin toch nog kleine foutjes en die worden in deze klasse meteen afgestraft."