UNIS Flyers wint bekerwedstriid tsjin Den Haag

De UNIS Flyers ha freedtejûn de bekerwedstriid tsjin Hijs Hokij Den Haag wûn mei 2-0. De periodestannen wiene 0-0, 0-2, 0-0. De earste perioade begûn direkt fysyk. Beide teams koene net echt gefaarlik wurde en it bleau dan ek 0-0.
Yn de twadde perioade iepene Janssen nei 33 minuten de skoare foar de Flyers. In minút letter stie it al 2-0 troch in doelpunt fan Postma.
De Flyers ferdigenen yn de tredde perioade mei kontrolearre spul harren foarsprong. Goalie Sjoerd Idzenga wie wichtich foar de Flyers mei in oantal sterke rêdingen.
Snein spylje de UNIS Flyers yn de kompetysje in thúsduel tsjin Grins.