Omrop TIP: De dream fan Sir Lawrence Alma Tadema

Sir Lawrence Alma Tadema, berne as Lourens yn it Fryske Dronryp, wie yn de 19e iuw in ekstreem suksesfolle skilder mei syn tablo's oer de klassike âldheid. Syn wurk beynfloedet de sinematografy oant hjoed-de-dei. Hy wie dreaun, perfeksjonistysk en hy hie en in noas foar rom en saaklik ynstinkt.

Swiete skilderijen

Alma Tadema’s frijwat swiete skilderijen mei ôfbyldingen fan Griken en Romeinen sitte hûndert jier nei syn dea yn ús kollektyf ûnbewuste. Minsken hawwe syn keunst faak wolris sjoen mar witte net dat dy skilderijen troch him makke binne.

'Klassieke Verleiding'

It Fries Museum hat foar de útstalling ‘Klassieke Verleiding’ goed tachtich wurken fan de skilder gearbrocht yn de grutste Alma Tadema-tentoanstelling ea. Spesjaal omtinken is der foar de wize wêrop’t syn wurk de filmkeunst beynfloede hat.

Ea út de moade, mar no terjochte werom

Gastkurator Peter Trippi lit yn Londen sjen hoe't Alma Tadema wenne en wurke. Hy fertelt: ‘’Tadema knew: there is no place like London when it comes to making money.’’ Marlies Stoter, konservator fan it Fries Museum, nimt Trippi mei nei it bertehûs fan de skilder yn Dronryp. Beiden binne it iens: Tadema's keunst hat in skoft út de moade west, mar is no folslein terjochte werom yn de kanon fan de keunstskiednis.
De dokumintêre 'Alma Tadema's dream' is sneon om 15.30 oere en snein om 13.05 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Telefyzje om 17.00 oere. Of besjoch it programma no al hjirûnder.