Eksklusive rûnlieding by ferboud Thialf

De nijbou fan Thialf op It Hearrenfean is klear. Bouwer Ballast Nedam oerlange freedtemiddei de kaai oan de direksje fan Thialf. De nijbou fan it iisstadion hat yn totaal 50 miljoen euro koste. De bouwer is binnen it budzjet bleaun. Omrop Fryslân mocht freed as earste yn it kompleks sjen.
Op 5 novimber organisearret Thialf in iepen dei. Dan kin der ek riden wurde. De offisjele iepening fan Thialf sil ein jannewaris 2017 wêze.
Topreedriders
Yn de iishal dominearje de kleuren blau en wyt. De topreedriders ha sels ek meipraat oer de ynrjochting fan de iishal. Dêrom is der in aparte ôfdieling mei sporthal, klaaikeamers, dûsen en romten foar fysioterapy en komt der yn de tunnel nei it middenterrein in húske. Hoewol't Thialf in ekstra twadde ring krigen hat, bliuwt it tal sitplakken lyk: 12.000 stiks.
Feestje
"Thialf is van heel veel mensen" sei direkteur Willem Jan van Elsacker. "En met al die mensen die betrokken waren bij de verbouwing vieren we vandaag een feestje." Hy is bliid mei it resultaat.