FIDEO: Henk de Jong is ek happy achter in buro

It wie in behoarlike omslach foar âld-fuotbaltrainer Henk de Jong, fan it coachen op it fjild nei it wurkjen achter in buro. As kommersjeel meiwurker fan FC Grins hâldt De Jong him dwaande mei it binnen heljen fan nije sponsoaren foar de fuotbalklup, en dat befalt him oan no ta hiel bêst. Benammen it kontakt mei de minsken fynt er moai, presys sa as er dat yn it fuotbal ek hie.
Henk de Jong is freedtejûn te gast yn Fryslân Hjoed op Omrop Fryslân Telefyzje en fertelt dêr mear oer syn nije wurksume libben.