Sinteklaze-yntocht yn Balk giet dit jier troch

Yn Balk is dit jier gewoan wer in sinteklaze-yntocht. Der wie sprake fan dat it mooglik ferline jier foar it lêst wie. Der kaam net genôch jild binnen om it feest te organisearjen. Winkellju, pleatslik belang en gemeente wiisden nei elkoar, want sels hiene se te min.
De organisaasje fan de yntocht baalde dêr fan, en drige himsels op te heffen. Mar der is wat betocht: de 'vrienden van de intocht'. Ynwenners fan Balk kinne sponsor wurde. Der komt in spesjale wein by de yntocht mei plakkaten dêr't je namme tsjin in fergoeding op komme kin.