Fryske literatuer fertsjintwurdige op Frankfurter Buchmesse

De ferhalebondel De triennen fan Cheetah fan Anne Feddema © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Fryske literatuer wurdt takom wike presintearre op de Frankfurter Buchmesse. Op de grutste en belangrykste boekebeurs fan de wrâld stiet dit jier literatuer út Nederlân en Flaanderen sintraal. It Frysk heart dêr ek by.
Op de beurs prate Fryske útjouwers mei bûtenlânske útjouwers oer it oersetten fan Fryske boeken en it útjaan yn it bûtenlân. Om dy útjouwers te ynteressearjen foar Fryske literatuer, is krekt as yn 2013, de brosjuere 10 Books from Friesland útjûn.
De beurs is fan 19 oant en mei 23 oktober. Deputearre Sietske Poepjes bringt ek in besite oan de beurs. "De Fryske literatuer is tige wichtich. Net allinne fanwegen de literêre wearde mar ek foar it fuortbestean fan de Fryske taal. Wy wolle de Fryske literatuer graach in ynternasjonaal poadium jaan. De Frankfurter Buchmesse is it plak by útstek om jin as útjouwer te presintearjen" seit Poepjes. De Fryskse skriuwers Tsead Bruinja, Anne Feddema en Willem Schoorstra lêze ûnder oare foar út eigen wurk.
Boektitels
Yn de brosjuere wurde tsien boeken foar it fuotljocht brocht. De titels binne:
Tsead Bruinja – Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (2013, poëzy)
Anne Feddema – De triennen fan Cheetah (2014)
Josse de Haan – Piksjitten op Snyp (1999)
Hanneke de Jong – Salsafamke (2008, jeugdboek)
Aggie van der Meer – De achttjin (2016)
Tiny Mulder – Tin iis (1981)
Theunis Piersma - Sweltsjes fan Gaast (2014, non-fiksje)
Willem Schoorstra – Rêdbâd, kronyk fan in kening (2011)
Hylke Speerstra – De treastfûgel (2013)
Froon Akker [Koos Tiemersma] – Einum (2012)