Restaurant Van Harte giet fierder as Hartig

Restaurant Van Harte yn Ljouwert slút de doarren. De lanlike organisaasje hat besletten dat mei yngong fan 1 jannewaris it restaurant ticht giet. Dêrfoar yn it plak komt inselde soart restaurant mei de namme Hartig.
De trochstart wurdt mooglik makke troch de Seastarters Foundation. Lykas Van Harte kin ek yn it nije restaurant foar in lyts pryske in menu fan trije gongen iten wurde. Gasten kinne ek mei mekoar yn kontakt komme en sa harren sosjale netwurk fergrutsje.
De Seastarters Foundation wol boppedat mear ynsette op iten foar studinten en flechtlingen. "Sa wurde ferskate befolkingsgroepen mei inoar yn kontakt brocht", sei direkteur Jan-Paul Dekker fan Seastarters.