Restaurearre poldermûne by De Sûkerei is yn gebrûk

14 okt 2016 - 16:00

Poldermûne 'De Mearmin' is freed offisjeel yn gebrûk nommen yn iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld. De wettermûne út 1892 stie oarspronklik by Readtsjerk. Yn 2014 is de mûne oernaam troch stichting De Sûkerei en dêrnei hielendal opknapt.

Trije frijwillige mûnders hâlde de nije oanwinst draaiende. It terrein om de mûne hinne kin bemealle wurde no't de wetterhúshâlding op 'e nij ynrjochte is. De mûne draait woansdei- en sneontemiddeis, as it om it waar kin.

Ryksmonumint

De poldermûne is yn 1968 ferpleatst nei de Geastmer Mar ûnder Dokkum. Yn 1990 krige it de status fan ryksmonumint en waard it eigendom fan Stichting Monumentenbehoud Dongeradeel. Yn 2014 is de mûne oernaam troch stichting De Sûkerei.

By kultuerhistoarysk sintrum De Sûkerei stiet it libben en wenjen yn de Noardlike Fryske Wâlden om 1900 hinne sintraal. Der steane trije wâldhúskes, dy't eartiids yn De Falom, Rinsumageast en De Westereen stienen. De âlde sûkereidrûgerij út 1875 stie earder by de brêge oer de Falomster Feart. It is ynrjochte as besikerssintrum dêr't it produksjeproses te sjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)