Stevinslûzen freed wer iepen foar skipfeartferkear

De Stevinslûzen © ANP
De wurksumheden oan de Stevinslûzen yn de Ofslútdyk wurde freed ôfsletten. Freedtejûn om 22:00 oere moat it klear wêze. Dan komt der ek in ein oan de opkear fan it skipfeartferkear troch de slûzen. Dat moast de ôfrûne seis wiken omfarre fia de Fryske kant fan de Ofslútdyk, troch de Lorentzslûzen.
Fan de slûzen oan de Noard-Hollânske kant fan de Ofslútdyk binne de houten remmingswurken ferfongen troch stielen eksimplaren. Ek is it hing- en slútwurk fan de slûsdoarren renovearre en is it bestjoerings- en betsjinningssysteem fan de draaibrêgen fernijd.