Cambuur: "We moeten winnen van Den Bosch. Punt."

SC Cambuur moat winne fan FC Den Bosch. Dat sei Cambuurtrainer Rob Maas yn syn praatsje mei de parse. De druk op Cambuur nimt ta, no't de resultaten achterbliuwe by de ferwachtings.
Cambuur stiet op in teloarstellend tolfde plak yn de Jupiler League. Nei it ferlies 14 dagen lyn by MVV wie de teloarstelling grut. Cambuur oefene de ôfrûne wike tsjin Zwolle en spile in goede wedstriid dy't mei 2-1 wûn waard.
Maas wol gjin opstelling bekend meitsje. Hemmen, Gouriye en Gyasi binne blessearre. Van Deelen en Schilder slute oan by de seleksje.
Van Deelen
Jordy van Deelen sit yn de wedstriid tsjin Den Bosch foar it earst dit seizoen by de wedstriidseleksje fan Cambuur. De ferdigener kaam fan 't simmer oer fan Emmen. Hy like him nei in goede oefenperioade yn de basis te spyljen. Yn de lêste oefenwedstriid gie it lykwols mis. Van Deelen rekke blessearre oan it ankel en koe net spylje. Syn ferfanger Djavan Anderson die it goed. Ferline wike makke Van Deelen syn rentree by Cambuur yn de oefenwedstriid tsjin FC Zwolle. Dat gie goed en no sit er wer by de wedstriidseleksje fan Cambuur.