FIDEO: Tiger Caruso is ferlost fan rottige tosk

De operaasje oan de problematyske hoektosk fan tiger Caruso fan Nijeberkeap is goed ferrûn. It bist fan opfangsintrum Felida hat tongersdeitemoarn fiif oeren ûnder it mes west.
De tosk feroarsake in ynfeksje yn de noasholten fan de tiger. Twa spesjalisearre bistedokters ha Caruso fan syn problemen ferlost. Operaasjes oan tigers binne altyd in risiko, omdat de bisten min oer narkoaze kinne.
Der wie in soad nasjonale mediabelangstelling foar de operaasje yn Nijeberkeap.
Moandei yn Hea! in wiidweidige reportaazje oer de spannende dei fan Caruso.