FNP'ers folgje kursus Biltsk

13 okt 2016 - 13:38

De FNP-riedsfraksjes yn de gemeenten Frjentsjerteradiel en Menameradiel sille it kommende winterskoft brûke om in kursus Biltsk te folgjen. De fraksjes rinne dêrmei foarút op de fúzje fan harren gemeenten mei de gemeente It Bilt ta de nije gemeente Waadhoeke.

De fraksjes jouwe oan dat se krekt lykas foar it eigen Frysk ek it Biltsk hoedzje wolle. De fraksjeleden hawwe de earste kursusdei al hân. Se hoopje takom maitiid mei de Biltkers yn harren eigen taal kommunisearje te kinnen.

Trefwurden: 
It Bilt Waadhoeke FNP Biltsk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)