Steuringen by brêgen Ofslútdyk: kosten 1,3 miljoen euro

De steuringen oan de brêgen yn de Ofslútdyk hawwe Rykswettersteat 1,3 miljoen euro koste. It giet om ekstra maatregels dy't naam binne om de brêge draaiende te hâlden. Yn jannewaris gie de brêge stikken. Der wie in kabelbreuk yn ien fan de brêgen. As gefolch dêrfan stienen der lange files op de Ofslútdyk. De provinsje hie skjin syn nocht en trune oan op maatregels.
De steuring waard feroarsake troch kabels dy't loslutsen waarden by it iepenjen fan de brêge. Dêrnei hâlden de steurings oan. Om dy sa gau as mooglik op te lossen, waard besletten 24 oeren deis in monteur te pleatsen op de Ofslútdyk. Dat betsjutte dat der trije monteurs yn ploegetsjinst aktyf wiene. Ek binne der ekstra maatregels naam om de brêge te kuoljen by waarm waar.
Net mear ticht
Dy maatregels binne naam nei't it ein juny folslein misgie. Op in waarme dei koe de brêge net mear ticht. It ferkear stie oeren stil foar de tichte brêge. Guon automobilisten drigen net goed te wurden. De brânwacht en in cateringsbedriuw waarden ynskeakele om minsken fan drinken te foarsjen.
Om foar te kommen dat soks opnij bart, binne de saneamde 'ryd-izers', sis mar de beskermingsrâne fan de brêge, ynkoarte. De kosten dêrfoar wienen 290.000 euro. De rekken foar flugge reparaasjes is 107.000 euro. It giet dan ûnder oare om it ferfangen fan materialen.
Ekstra kosten
Neffens wurdfierder Sylvia de Bres stiet Rykswettersteat foar de ekstra kosten. Dy wienen ek nedich om de beskikberheid fan de brêge sa goed as mooglik te garandearjen. It bedrach fan 700.000 euro foar it permanint stasjonearjen fan in steuringsmonteur liket heech, mar it binne neffens har 'gewoane' tariven. Ek de kosten foar it yn de gaten hâlden fan de temperatuer en de ekstra kuolling op de brêge, 200.000 euro, binne goed ferklearber.
Wurdfierder Jan Arendtz fan de provinsje seit dat de kosten foar it bedriuwslibben yn Fryslân allinnich al folle heger lizze. In soad minsken hawwe lang stilstien foar in tichte brêge en dat binne ferlerne oeren, sa seit Arendtz. Deputearre Klaas Kielstra hat geregeld oantrune op maatregels. Neffens him jout al it ûnderhâld oan dat der sa gau as mooglik in nije, goede brêge komme moat.
40 miljoen beskikber
Foar it folsleine ûnderhâld oan alle brêgen en slûskompleksen by de Iselmar hat Rykswettersteat 40 miljoen euro beskikber foar in perioade fan fiif jier. Njonken de Ofslútdyk falle dêr ek de slûzen fan Nijkerk, Kampen en dy yn de dyk tusken Enkhuzen en Lelystêd ûnder.
Wurksumheden
Op it stuit wurdt noch hurd wurke oan de brêge en de slûs yn de Ofslútdyk by Den Oever. Mei trije ploegen wurdt dêr hurd wurke om it folsleine systeem op te knappen en te modernisearjen. Yn seis wiken moat dit wurk ôf wêze. Itselde wurk is earder al dien by Koarnwertersân. Doe't de slûs dêr klear wie, fear in fiskersboat deselde dei noch de slûs wer stikken.