Trije moannen selstraf easke yn Drachtster misbrûksaak

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in 46-jierrige man is trije moannen selstraf easke foar ûntucht mei syn dochter yn Drachten. Ek moat er in selstraf fan trije moannen ûnder betingst oplein krije, fynt it Iepenbier Ministearje.
It misbrûk fûn plak fan augustus 2012 oant oktober 2013, doe't it gesin yn Drachten wenne. De dochter wie doe fjirtjin jier âld. De fertochte, dy't no yn Amsterdam wennet, hat bekend dat er syn dochter misbrûkt hat.
Oanjefte
It famke fertelde har mem wat har oerkaam wie. De mem advisearre har dochter om oanjefte te dwaan by de plysje, mar it famke die dit net. Pas yn augustus foarich jier die se oanjefte.