Hylper skilderkeunst oanpriizge yn Sina

De Hylper skilder Pieter Bootsma en Grietje Koldewijn-Bootsma reizgje yn novimber ôf nei Sina om dêr de Hylper skilderkeunst en dracht te promoatsjen. Bootsma is ien fan de lêsten dy't noch Hylper skilderkeunst makket en waard yn septimber benadere troch in reisburo om de Hylper skilderkeunst te promoatsjen.
Fanwegen de hieltyd gruttere belangstelling út Sina foar Hylper guod, is besletten om de promoasje breder oan te pakken en ek tradisjonele klean mei te nimmen. Bootsma sil ûnder oaren klompen beskilderje.