Kollum: ''Donald Trump''

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
''‘Ik sta 's ochtends op, neem een douche en was mijn haar. Daarna lees ik de krant en bekijk het journaal. Ondertussen droogt mijn haar, wat ongeveer een uur duurt. Ik gebruik geen föhn. Zodra het droog is kam ik het. Als het eenmaal goed zit, ook al vindt de rest het niet mooi, dan doe ik er haarspray overheen en zit het de rest van de dag goed.’
Dat is hartstikke moai. Mar wat ha wy dêr oan? It is in útspraak fan de kandidaat foar it presidintskip fan de United States of America. Wat hier oanbelanget koe er wol mei ús eigen blonde Mozart op kursus west ha, want de kuif fan Donald Trump, dêr ha ik it oer, liket wol wat op dat fan Wilders. Der binne mear oerienkomsten tusken de beide, mar dat hier yn de kampanje überhaupt in rol spilet is eins te sneu foar wurden. Je soenen ferwachtsje dat de striid om it amt fan presidint fan Amearika, dat noch net sa lang lyn sjoen waard as it heechste dat der is, wat nivo ha soe. Mar alles behalve dat. Eins is it ien grutte parody op wat it wêze moatte soe. De manlju fan Monty Python sitte der grif mei ergernis nei te sjen, want al soenen se it wolle, dizze karikatueren is hast net oerhinne te kommen kwa fulgêr praat, oer en wer dom raze en ûnwierheden spuie.
Noch sa’n bemoedigjende útspraak: ‘Sorry losers en haters, maar ik heb het hoogste IQ dat er bestaat en dat weten jullie dondersgoed. Voel je alsjeblieft niet dom of onzeker, want het is niet jullie schuld.’
Dat orakelet de man dy’t froulju oant yn it murch ta belediget en dêrnei fleurich seit dat er dat foar de lol docht. Dat nivo werkenne je trouwens by oare wrâldlieders ek, se nimme it op de top fan de aperots meastal net sa nau mei de monogamy. Al dy stres moat der sa no en dan even út en dat snapt moeder de frou fansels hielendal, want se stiet pal achter har man. Yn Frankryk docht rokkejager Nicolas Sarkozy wer in poging om presidint te wurden, Silvio Berlusconi wurdt troch guon as in held sjoen, ôfrekkene op it oantal jonge froulju dêr’t er it bêd mei dielde.
Wat dat IQ fan Trump oanbelanget, noch in hiele sterke útspraak fan de bêste man is: ‘Het sneeuwt en vriest in New York, dus opwarming van de aarde is welkom.’ As je ditsoarte ûnsin even yn je om gean litte, meie we ús wol in bytsje soargen meitsje oer it feit dat dizze pias in kâns hat om mei te dwaan oan dizze dwaze foarstellings. Want dêr is de oanrin fan de ferkiezings yn Amearika ta ferwurden. Ien grutte rige oan kwalitatyf striemin toaniel, dêr’t se harren yn Jorwert en op oare plakken djip foar skamje soenen.
Witte jim trouwens wat dizze kampanje kostet? Ik hoopje dat jim net mei de mûle fol sitte, oars prûste jim it der miskien wol út. De beide kandidaten dy’t no noch oer binne, Hillary Clinton en Donald Trump. Wat tinke jim wat sy der oan spandearje om presidint te wurden? Neffens it NRC, dat skreau yn 2015 dat presidint Obama by syn lêste ferkiezings in budget fan 1.25 miljard dollar hie. Hillary Clinton mei dat bedrach in kear oer de kop dwaan. Ja, jim hearre it goed. 2.5 miljard dollar sit yn de reklamepot foar Hillary. En neffens dyselde krante soe Donald Trump itselde of noch wat mear te besteegjen ha. Dus as jimme de puf ha om de show oer de grutte plasse te folgjen, sjogge jim nei in striemin programma fan fiif miljard dollar. Oer de ynhâld hat net ien it mear, it liket allegearre nep. It moaiste foarbyld dêrfan seach ik earne op ynternet. De kampanje fan Trump kin fansels net sûnder Amerikaanske petten mei syn slogan: Let’s make America great again. Witte jim wat op it labeltsje fan dy pet stie? Made in China.''