Plysje hâldt fytsedief oan yn Kollumersweach

© ANP
In 28-jierrige fytsedief út de gemeente Dantumadiel is woansdeitenacht oanhâlden op de Sparrewei yn Kollumersweach. Plysjes seagen de man rinnen mei twa fytsen by him. Ien fan de fytsen wie stellen. De man ferklearre dat er de fyts stellen hie.
Hy moast mei nei it plysjeburo, dêr't bliken die dat hy ek meardere boetes iepen stean hat. De man sit noch fêst.