Epke Zonderland docht mei oan krystshow

Epke Zonderland © Omrop Fryslân
Turner Epke Zonderland docht yn desimber mei yn The Christmas Show yn de Ziggo Dome. Neffens de organisaasje yn in rol dêr't we him noch nea yn sjoen hawwe, hy slacht in brêge tusken dream en werklikheid.
It tema fan de krystshow is 'dreamen' en giet oer in famke Eefje, dy't har bytsje gekke beppe nei de dea fan pake lokkige krystdagen besoargje wol.
Grutte nammen yn de show binne ûnder oare Karin Bloemen, Nicolette van Dam, Carlo Boszhard en Leona Philippo. The Christmas Show wurdt trije kear útfierd, op 23, 24 en 26 desimber.